US NOCHT

Wolkom op de side fan toanielselskip "Us Nocht" Drachten

Yn febrewaris 2019 bestiet "Us Nocht" 85 jier. "Us Nocht" is in Frysktalich selskip.

SIMMERDEIS 2018

US NOCHT spilet it komyske iepenloftspultsje “Slachfjild”

“Slachfjild” jout dy in hilaryske blik yn ‘e keuken fan de organisaasje rûn in iepening fan in pleatselik kultureel sintrum. Jan en alleman wurdt by elkoar roppen: de wethâlder, de gymferiening, it lokale muzykkorps esfh. Mar sawol foar as efter de skermen ferrint ien en oar net sûnder swierrichheden. In folsleine ramp foar it organisaasjekomitee mar foar de skôgers des te leuker!
Dit Frysktalige “iepenloftspultsje” duorret sa ‘n 25 minuten.

Sko oan yn it yntime teaterke yn it Slingepark yn Drachten en meitsje dizze komyske happening mei!

Wêr:
Slingepark, Jelle Plantingstrjitte 30 yn Drachten, by de pyramide
Wannear:
Saterdei 30 juni om 16.30 oere en om 19.15 oere
Snein 1 juli om 15.00 oere en om 16.30 oere