US NOCHT

Wolkom op de side fan toanielselskip "Us Nocht" Drachten

Yn febrewaris 2019 bestiet "Us Nocht" 85 jier. "Us Nocht" is in Frysktalich selskip.

Tige slagge foarstellingen “Blauprint” en “Dus….hy sûpte!”

Op 6, 7 en 8 april 2018 hawwe wy de twa boppeneamde ienakters spile op in prachtige lokaasje: Scheepswerf O.H. van der Werff oan it Buitenstvallaat yn Drachten. De 4 foarstellingen wiene al ridlik gau útferkocht. Dat wie prachtig fansels. De reaksjes fan it publyk ynklusyf ús boargemaster en de gemeentelike beliedsambtner fan Kultuer wiene tige posityf.
Mei ús foarstelling hawwe wy yn de heechste kategory A fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân in moai tredde plak behelle.
Tige grutsk!
Noch in kear tank oan Haiko van der Werff foar de geweldige gearwurking en it beskikber stellen fan syn skipswerf as spyllokaasje!