Wolkom op de side fan toanielselskip “Us Nocht” Drachten

Yn febrewaris 2014 bestie "Us Nocht" 80 jier. "Us Nocht" is in Frysktalich selskip.  De stikken dy’t spile wurde binne faaks de bettere blijspullen.

US NOCHT

It grutte spile stik yn 2017 wie de klucht/komeedzje “Betelje? Nee!” fan de Italiaanske skriuwer Dario Fo.

Wêr: lytse seal fan de Lawei.

Wannear: saterdei 11 febrewaris om 20.15 oere & snein 12 febrewaris 2017 om 15.00 oere.

 

Koarte ynhâld fan “Betelje? Nee!”

De Italiaanske Antonia hat mei help fan har hertsfreondinne Margherita, gâns boadskippen bemachtige op in ûnortodokse wize. De folgjende dei en nacht helje se de gekste kluchten út om al dit guod ferburgen te hâlden foar Giovanni en Luigi, harren respektivelike partners. As efter mekoar in brigadier fan polysje en in adjudant fan de maresjesee harren mei de saak bemoeie binne de poppen hielendal oan it dûnsjen. It ûntslach fan Luigi en de driigjende slúting fan de fabryk wêr ’t Giovanni oan ‘t wurk setten is, meitsje de manlju poer. In geweldich ferkearsûngelok ûntmaskeret in dubieus smokkelerstrajekt. Is hjir sprake fan korrupsje by de polysje? Wa sil it sizze? En in wol as net fermoarde maresjesee? Dit alles jout it spektakel in mysterieus tintsje. En hoe sit it no mei dy baby? Is Antonia swier of is it earder Margherita? En wat is de rol fan de hillige Euzalia? In dynamysk stik fol riedsels.