US NOCHT

Wolkom op de side fan toanielselskip "Us Nocht" Drachten

Yn febrewaris 2019 bestie "Us Nocht" 85 jier. "Us Nocht" is in Frysktalich selskip.

Prachtige foarstelling Utblaasd! troch Us Nocht – 85 jier

It jubileumfeest hat west en is tige slagge. Yn gearwurking mei brassband De Bazuin út Donkerbroek waard it stik Utblaasd! op de planken brocht yn de Roel Oostraseal foar in publyk fan sawat 800 toanielleafhawwers.

It stik spilet him ôf yn Yorkshire, Ingelân, yn it begjin fan de njoggentiger jierren. De iene nei de oare koalemyn moat slute. Gjin myn, gjin wurk, gjin middenstân en ek gjin brassband mear. Mei sosjale misstannen en famyljekonfikten ta gefolg. Mar de dirigent, Danny-boy lit it der net by sitte. De Grimley Colliery band wint de heale finale yn Halifax en mei meidwaan oan de finale yn de Royal Albert Hall yn Londen. Dêr lit de band nochris ien kear op emoasjonele wize hearre wat se wurdich binne….

It wie in foarstelling mei toaniel en brassmuzyk. Mei humor, mar ek in laits en in trien. De oanwêzigen hawwe geniete fan de akteurs en de brassmuzyk. De regy wie yn hannen fan assistint Wytse Algra en regisseur Theo Smedes. Njonken de foarstelling wie der ek noch in moaie tentoanstelling ynrjochte mei in digitaal oersjoch fan 85 jier Us Nocht.

It toanielselskip sil ein juny dielnimme oan it festival Simmerdeis ûnder regy fan Wytse Algra. simmerdeis.nl
De datums foar it winterstik fan 2020 binne alwer fêstlein yn De Lawei: 8 en 9 febrewaris.